Oanhâldings foar fernielings

04 feb 2008 - 10:57

Yn Marrum hat de plysje trije manlju oanhâlden foar fernielings mei âld en nij. It binne twa Marrumers fan 22 en 25 jier en in 24-jierrige Burdaarder. Op de Langebuorren hawwe de trije âldjiersnacht in oanhingwein mei bensine yn 'e brân stutsen. It fjoer soarge foar skea oan wenningen. Ek rekke de dyk skansearre.

De trije manlju binne oanhôlden nei tips fan tsjûgen. Se sille ferfolge wurde en moatte de skea betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)