Coen wint op muzykconcours

© Omrop Fryslân
Coen Dijkstra út Ljouwert hat dit wykein in earste priis wûn op it Prinses Christina Concours. Yn de Grinzer Oosterpoort diene in grut tal talintearre jongeren mei oan dizze muzykwedstryd.
By de kategory 12 oant 14 jier wûn Coen fan 13 in earste priis op de marimba, Arjan Jongsma út Drachten spilet itselde instrument en waard twadde. Coen wint in muzykles fan in musikus nei eigen kar.