Fertochte sjitpartij gau werom

04 feb 2008 - 06:35
  • De deasketten Murkje de Vries

De 43-jierrige man út De Harkema dy't fertocht wurdt fan it deasjitten fan Murkje de Vries út Koatstertille, komt sa gau mooglik werom nei Fryslân.

De man sit noch fêst yn it Dútske Bunde. Fryske resjersjeurs binne dêr hinne reizge om him te hearren. De Vries (36) waard yn de nacht fan freed op sneon deasketten. Har eks-man en de eks fan de fertochte waarden ek delsketten. De man rekke swier ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)