Oanriding yn Ljouwert

03 feb 2008 - 15:43

Der hat sneontemiddei in oanriding plakfûn op it Leeuwerikplein yn Ljouwert. In automobiliste (79) út Ljouwert ried oer de Troelstrawei. Se nadere de rotonde en hie omtinken foar in auto, dy't fanôf de Valkstrjitte de rotonde fan it Leeuwerikplein opried.

Dizze ried dêrnei rjochtsôf de Troelstrawei op. De automobiliste woe trochride nei de rotonde, mar seach in oerstekkende fytser oer de holle. De fytser is oerbrocht nei it MCL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)