Oanholden troch kamerabylden

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige ynwenner fan Ljouwert is sneontejûn oanholden troch de plysje, nei in fjochtpartij op it Ruterskertier. De fertochte wie nei de fjochtpartij de Alde Doelesteech ynrûn. Fia it kameratafersjoch koe de Meldkeamer Fryslân de aginten op strjitte de fertochte oanwize.
Hjirop is er oanholden foar ienfâldige mishanneling en oerbrocht nei it buro. Der is oanjefte dien troch in 19-jierrige ynwenner fan Marrum.