Treflik en Bagger nei Aaipop

03 feb 2008 - 12:49

Mar leafst twa bands ha sneontejûn yn poppoadium Romein yn Ljouwert in optreden op Aaipop yn Nijlân fertsjinne. Neffens de sjuery wie it it bêste om út de twa totaal ferskate sjenres twa winners oan te wizen.

Sanny Rekker en Johan Hiemstra mei Treflik wûnen yn it harksankjessjenre. Bagger, de nije band fan Richard Lap wie de winner yn it rocksjenre. De band makket 'rjochtút rjochtoan baggerrock'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)