Gouden spjelde foar Joop Atsma

02 feb 2008 - 17:02

Twadde Keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean hat sneon in gouden spjelde krigen fan it kristlik bûn fan Fryske muzykferienings. Atsma krige de ûnderskieding omdat er him bot ynset foar de hafabra-sektor.

Ofrûne jier kaam er noch yn aksje fanwege plannen om rippetysjes fan korpsen te beheinen. Minister Cramer fan miljeu woe dat korpsen net langer as 4 oeren achter elkoar oefenen, om sa tefolle lûdsoerlêst foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)