Wenskip Bandstra moat fuort

02 feb 2008 - 16:25
  • Siep Bandstra moat syn wenskip fuortslepe

Nei jierren fan strideraasje mei de gemeente Nijefurd moat Siep_Bandstra no dochs syn wenskip út de Rysterfeart by Himmelum helje. De rjochter hat dizze wike de gemeente gelyk jûn dat de lokaasje allinnich in agraryske bestimming hat.

It wenskip moat 1 novimber fuort wêze. Giet Bandstra op ´e nij yn protest dan kin dat neffens wethâlder Rodenhuis gefolgen ha foar syn posysje as ChristenUnie-riedslid yn Nijefurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)