Fertochte moard snein heard

02 feb 2008 - 16:11

De 43-jierrige man fan De Harkema dy't fertocht wurdt fan it deasjitten fan de 36-jierrige frou yn Koatstertille, sil snein heard wurde troch de resjersjeurs fan de Fryske plysje. De resjersjeurs reizgje dêrfoar ôf nei it Dútske Bunde, dêr't de man fêstsit.

De plysje besiket de fertochte moandei of tiisdei werom nei Fryslân te krijen om him fierder te ûnderfreegjen, mar moat dêrfoar earst tastimming foar útlevering krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)