Sybren Jansma fjirde by bobben

02 feb 2008 - 14:34

Sybren Jansma fan De Pein is mei syn maat Edwin van Calker fjirde wurden by wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Koningssee. It is foar beide bobbers de bêste prestaasje ea yn in wrâldbekerwedstriid.

De twamansbob kaam 0,05 sekonde tekoart foar in poadiumplak. De wedstriid waard wûn troch de Dútske kombinaasje Matthias Höpfner en Alex Mann.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)