Bob de Vries twad yn Eastenryk

Bob de Vries (foto: Martin de Jong)
Bob_de_Vries is op de Weissensee by de alternative Alvestêdetocht twadde wurden. De reedrider fan De_Haule kaam nei twahûndert kilometer tsien sekonden achter de winner Lars_Hoogenboom út Roelofarendsveen oer de streek. Martijn_van_Es waard tredde.
Der einigen noch trije Friezen by de earste tsien. Bert_Jan_van_der_Veen waard fjirde, Ruud_Borst sechsde en Martijn_Kromkamp achtste.