Verbeek yn byld by Feyenoord?

NAC soe ek belangstelling ha (foto: Martin de Jong)
Trainer Gertjan Verbeek fan Sportclub Hearrenfean stiet op it winskelistje fan Feyenoord. Dat skriuwt de Telegraaf sneon. Verbeek soe dêr nei dit seizoen Bert van Marwijk opfolgje. Van Marwijk folget wierskynlik Marco van Basten op as bûnscoach.
Verbeek soe ek op it ferlanglistje fan NAC Breda stean. De namme fan Martin Jol sirkulearret fierder as nije trainer fan Feyenoord, mar Verbeek soe dochs de foarkar hawwe fan de club.