Fúzje Rabo's Lauwers en Burgum

02 feb 2008 - 11:03

De Rabobanken De Lauwers en Burgum-Eastermar sille dit jier fusearje. Beide banken binne it dêroer iens wurden. Yn maart folgje ekstra ledegearkomsten.

Beide banken wurkje al in skoft gear. Earder soe Rabobank De Lauwers mei Rabobank Noordoost Fryslân fusearje, mar dat gie oer om't de meiwurkers en de ûndernimmingsried it der net mei iens wiene. Se fûnen de ferskillen tusken de organisaasjes te grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)