Deade en ferwûnen by sjitterij

02 feb 2008 - 09:22

De plysje hat sneon in 43-jierrige man út De Harkema oanhâlden yn Dútslân. Hy wurdt fertocht fan twa sjitpartijen yn de nacht nei sneon op De Harkema en Koatstertille. Dêrby is ien deade fallen: in 36-jierrige frou fan Koatstertille.

Op De Harkema rekke in 37-jierrige frou en in 43-jierrige man slim ferwûne. De oarsaak leit yn de relasjonele sfear. De plysje hat 20 man op de saak set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)