Stipe foar oanpak Antillianen

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert stiet efter de hurde maatregels dy´t it kabinet nimme wol tsjin kriminele Antilliaanske jongeren.
Boargemaster Ferd_Crone fynt it in goeie saak dat minister Hirsch_Ballin fan Justysje probleemjongeren nei de Antillen werom stjoere wol at se meardere kearen oer de streek gean. De minister is op´t stuit dwaande mei in nije wet dy´t dat mooglik meitsje moat.