Cedin giet nei Adverium

01 feb 2008 - 17:00
  • Cedin ferhuzet nei it Adverium yn Drachten

Underwiisbegeliedingstsjinst Cedin ferhuzet nei it Adverium yn Drachten. Neffens direkteur Wilbers fan Cedin is nije húsfesting nedich om effisjinter en bedriuwsmjittiger te wurkjen. Cedin sil mei sa'n 200 meiwurkers yn it Adverium lûke. De hjoeddeiske sân besteande lokaasjes wurde ynruile foar lytsere foarsjennings yn de regio.

Cedin kocht it Adverium fan de Friesland Bank, dy't it gebou boud hat as sintrum foar duorsum bouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)