Bricquebec hâldt op

De Fryske band Bricquebec hâldt dermei op. Nei goed tweintich jier spyljen is de enerzjy fuort, sizze de bandleden. Briquebec hat ferskate hits hân lykas 'Strjitlizzer' en 'Dyn stapke' en wurdt sjoen as ien fan'e grûnlizzers fan'e Fryske rockmuzyk.
In moanne lyn brocht de fiifkoppige formaasje noch in nij album út mei as titel 'Nachtrave'. It is noch net dúdlik oft der ek in ôfskiedskonsert komt.