Frou oppakt om oerfal

01 feb 2008 - 14:11

Mei de oanhâlding fan frou(29) fan it Hearrenfean hat de plysje fan Grins de wapene oerfal op in drogisterij yn dy stêd oplost. De plysje kaam by de frou út nei in anonime tip en in spoar fan in finger en in skoech.

De drogisterij waard oktober ferline jier oerfallen. De fertochte bedrige de eigner fan de winkel mei in mes. Se easke jild. Dat joech de man net, wêrnei't de frou de man stuts mei har mes en útnaaide sûnder bút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)