Soarch oer skoalle Wâlterswâld

01 feb 2008 - 12:01

It kolleezje fan Dantumadiel makket him soargen oer de situaasje op de kristlik nasjonale basisskoalle yn Wâlterswâld. Alders hawwe boargemaster en wethâlders witte litten dat it noch hieltyd net goed giet op de skoalle.

De kwaliteit fan it ûnderwiis is ûnder de mjitte. Alders hawwe gjin betrouwen yn de direkteur en syn plannen om it ûnderwiis te ferbetterjen. It ynterimbestjoer stapte yn novimber om deselde reden op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)