Nij:de Foekje Dillema Memorial

"Nij:de Foekje Dillema Memorial"
Der komt in Foekje Dillema Memorial, in atletykwedstryd foar jonge atletes. It is de bedoeling om 12 jonge atletes te sykjen dy't dan de 100 meter sprint rinne. Foekje Dillema ferstoar desimber ferline jier.
Yn de jierren '40 wie se ien fan de bêste atletes fan 'e wrâld, mar omdat guon minsken tochten dat Foekje in man wie, mocht se net mear drave. Geesje Jorna hâldde altyd kontakt mei Foekje en naam it inisjatyf foar de memorial.