Miljeuprizen W'werf útrikt

01 feb 2008 - 10:20
  • Groepsfoto fan alle nominearren foar in myljeupriis (foto Lenus van den Broek)

Yn it gemeentehûs fan Wolvegea binne tongersdei de miljeuprizen Weststellingwerf útrikt. Yn de kategory bedriuwen gie de priis nei De Bouwhoeve út De Hoeve. Dêr wurde grienten op ekologyske wize ferboud.

De Wethâlder Heidaskoalle fan Munnekeburen krige in priis. De bern lizze in flintertún oan. Luitzen van den Berg fan Wolvegea spielt syn húske troch mei reinwetter. Foar de ynstallaazje krige er ek in priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)