Tuinwereld-sintra ticht

De Fryske festigings fan túnsintrum Tuinwereld moatte ticht
De Fryske festigings fan túnsintrum Tuinwereld moatte ticht. It giet om de túnsintra yn Jutryp- De Hommerts en dy yn Ljouwert. De rjochtbank yn Zutphen hat Tuinwereld fallyt ferklearre omdat it bedriuw in skuld fan 40.000 euro net ôfbetelje koe.
It faillissemint jildt ek foar de sintra yn Dronten en Wilp. It personiel fan de fjouwer festigings sit thús, yn Fryslân binne dat rûchwei 30 minsken.