Delslein mei izeren foarwerp

28 mrt 2012 - 09:59

In 38-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat bekend dat er in oare man swier mishannele hat. Yn de nacht fan 4 op 5 maart hat er in man út Apeldoorn mei in izeren foarwerp delslein. Dat barde by de jachthaven fan Warten.

De dieder hie him fertocht ophâlden en de 59-jierrige man út Apeldoorn wie derop ôfgien. Neidat de Ljouwerter de man delslein hie, naaide er út. Hy is op 21 maart oanhâlden en hat no bekend. Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)