Plysje hâldt ynbrekkers oan

01 feb 2008 - 09:35

De plysje hat tongersdeitemiddei twa Ljouwerters fan 42 en 44 jier oppakt foar in ynbraak by in bedriuw oan de Zuidwalweg yn Harns. De beide manlju woene in masjine meinimme. Doe't se in wurknimmer seagen, naaiden se út yn in frachtwein.

De plysje seach de frachtauto riden tusken Doanjum en Tsjummearum. Yn Frjentsjer waarden de fertochten oan 'e kant set. Se sitte noch fêst op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)