Amper skea by brân yn Wurdum

In brân yn it eardere bedriuwsgebou fan Kielstra yn Wurdum hat tongersdeitemiddei amper skea oanrjochte. Der sit allinne in grut gat yn it dak.
De brânwacht wie foar de wissichheid mei grut materieel útrukt. Dat wie fanwege it minne waar, omdat der oldtimers yn it gebou stiene en omdat de brân yn de spits wie. It wie dreech yn te skatten oft it drokke ferkear problemen opsmite soe.