Tsjech Svec nij by Hearrenfean

31 jan 2008 - 16:47

De Tsjechyske jeugdynternasjonal Michal Svec is de nijste oanwinst fan SC Hearrenfean. De 20-jierrige spiler komt fan Slavia Praag. Hy hat in kontrakt tekene foar 4,5 jier by Hearrenfean.

Svec kin as ferdigener yn it sintrum en oan 'e rjochterkant spylje. Hy die ferline simmer mei oan it EK ûnder 21 yn Nederlân. Boppedat spile Svec yn 'e Champions Leaugue. Dêryn skeakele syn ploech Ajax út yn de foarronde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)