Seismometers yn NW-Fryslân

31 jan 2008 - 14:54

Yn it sâltwingebiet komme meters om ierdtrillings fêst te lizzen. Se wurde noch foar de simmer ynstallearre. Se wiene al earder tasein, mar troch de trage beslútfoarming komme se no pas.

Bewenners kleie út en troch oer lytse ierdbevings. Se binne ek benaud dat de huzen fersakje troch de sâltwinning. De seismometers registrearje de skoddinkjes en it KNMI ferwurket de gegevens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)