Stoarmskea falt foarearst ta

31 jan 2008 - 14:43

De stoarm hat yn Fryslân oant no ta op in pear plakken foar skea soarge. Op de Wâldwei waaide in oanhingkarke fan 'e dyk. By in fervegruthannel op It Hearrenfean is in stik fan it nammeboerd fan 'e gevel ôfwaaid en op parkearde auto's fallen. Dy hawwe in soad skea. De brânwacht hat de oare stikken út foarsoarch fuorthelle.

Op in soad plakken binne de flaggen ynhelle, úthongen foar de jierdei fan Keninginne Beatrix.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)