Mist: twa oanridings op A6

28 mrt 2012 - 09:25

Op de A6 by Sint Nyk hawwe woansdeitemoarn twa oanridings west. It gie om in auto dy't tsjin in bus botste en yn it oare gefal om in kettingbotsing. Yn dat lêste gefal moasten fjouwer auto's fuortsleept wurde.

Neffens de plysje binne by de oanridings gjin minsken ferwûne rekke. De A6 fan De Jouwer rjochting Eastersee hat foar in part ôfsletten west. De mist hat nei alle gedachten de oarsaak west fan de oanridings.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)