Snackbar De Lemmer útbaarnd

31 jan 2008 - 12:17
  • Ynspeksje fan 'e brânwacht flak nei de brân
  • De strjitte yn it sintrum wie ôfset om  de brânwacht romte te jaan

In snackbar op 'e Lemmer is tongersdei folslein útbaarnd. It fjoer oan 'e Dimpte Grêft bruts om tolve oere út. Trije korpsen rukten út om de brân te bestriden. Troch de hurde wyn gie dat dreger as oars.

In frou dy't mei in kreamke foar de snackbar oer stie, is mei problemen mei it sykheljen yn it sikehûs opnaam. De snackbar kin as ferlern beskôge wurde. De winkel en it wenhûs dêrnjonken hawwe reek- en wetterskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)