KNRM faker yn aksje

De rêdingboat fan Lauwerseach
De Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij hat it ferline jier drokker hân as ea. De njoggen Fryske rêdingstasjons kamen 331 kear yn aksje, fjirtich kear faker as yn 2006.
De frijwilligers yn Hylpen moasten it faakst oantrede: 68 kear. Op Skylge moasten de rêders 62 kear it wetter op, folge troch Skiermûntseach en De Lemmer. De rêdingsboat fan It Amelân ferfierde de measte siken. Dat dogge se út it stasjon Ballumerbocht wei.