Twa ynbraken yn winkels

31 jan 2008 - 10:49

De plysje ûndersiket de ynbraak yn twa winkels, op 'e Jouwer en yn Jirnsum. Op 'e Jouwer waard in klûs stellen út it kantoarke by in winkel oan de Midstrjitte. Yn 'e klûs siet in lyts jildbedrach. Der waard in rút ynslein om deryn te kommen.

Yn Jirnsum is ek jild stellen út in winkel oan 'e Rykswei. De ynbrekker bruts dêr in doar iepen om deryn te kommen. It jild lei yn 'e kassa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)