Frou (83) mei mes bedrige

31 jan 2008 - 10:16

In frou fan 83 jier út Feanwâlden is woansdei thús mei in mes bedrige. Om healwei njoggenen belle der ien by har oan. Doe't se iependie, begûn de man te razen dat er jild woe, oars soe er de frou ombringe. Dêrnei gie er deryn.

De bewenster koe fuortkomme en warskôge de buorlju. Se seagen noch krekt dat de man útnaaide. De plysje hat mei hûnen nei de man socht, mar koe him net fine. It ûndersyk giet tongersdei fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)