Iepenloftspul Jorwert rêden

31 jan 2008 - 10:08

It iepenloftspul fan Jorwert is út 'e problemen. De provinsje jout de organisaasje ienmalich in bedrach fan 65.000 euro. De gemeente Littenseradiel jout 20.000 en in grutte bank betellet de rest, in bedrach fan 85.000.

It iepenloftspul Jorwert sit sûnt 2004 yn problemen. Dat ûntstie nei it jubileum. It ôfrûne jier gie it finansjeel ek net goed troch min waar en - mei dêrtroch - minder besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)