Plysjeburo's wer ticht

Plysjburo's wer ticht fanwege staking
Alle Fryske plysjeburo's binne tongersdei wer ticht fanwege cao-aksjes. Der binne gjin aksjegearkomsten yn 'e provinsje. De measte plysjes binne nei hûs. Allinnich yn need komt de plysje om te helpen. Guon resjersjeûndersiken gean ek troch, omdat dy net wachtsje kinne.
Doekle Terpstra sil bemiddelje oer it konflikt. Hy besiket de fakbûnen en minister Ter Horst byinoar te bringen. Terpstra wie foarsitter fan it CNV.