Hearrenfean-froulju ferlieze

© Omrop Fryslân
De froulju fan Sportclub Hearrenfean hawwe woansdeitejûn mei 5-0 ferlern fan Willem II. Op it eigen sportpark Skoatterwâld wiene de Feansters kânsleas. Benammen op spits Karin Stevens fan Willem II krige de thúsploech gjin grip. Sy skoarde leafst fjouwer kear.
Hearrenfean bliuwt op it lêste plak stean. De achterstân op de nûmers fjouwer en fiif, Willem II en FC Twente, is oprûn oant 12 punten.