Tienersoas Drachten mei bliuwe

© Omrop Fryslân
De aksje foar it behâld fan de tienersoas yn Drachten hat fertuten dien. Nei tritich jier lang waard de disko yn wyksintrum De Kouwe ferbean, om't der ferboud is en der net mear safolle lûd makke wurde mei.
De jongeren wienen lilk oer de nije maatregel en organisearren woansdei in aksje mei spandoeken. It bestjoer fan it sintrum ferklearre dat der sprake wie fan in kommunikaasjeflater. De disko mei gewoan bliuwe.