Welkom nei Hearrenfean

30 jan 2008 - 22:08

It nije haadkantoar fan wenningboukorporaasje Welkom komt yn Hearrenfean, oan de Abe Lenstra-boulevard. It gebou komt flak neist it fuotbalstadion.

Wenningboukorporaasje Welkom hat tsientûzen wenten yn sân gemeenten. Yn Hearrenfean sitte se wat sintraler. It haadkantoar stiet no yn Boalsert. Dat kantoar is ek te lyts. Nei de ferhuzing yn 2009 bliuwt der wol in wenwinkel bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)