Brantsje by Motip

30 jan 2008 - 17:27
  • der wie brân by Motip, mar de eigen tsjinst koe it blusse

De brân by spuitbussefabryk Motip yn Wolvegea woansdei wie net foar te kommen. By it skjinmeitsjen fan in masine ûntstie brân yn in amer, troch in kombinaasje fan oplosmiddel en statyske elektrisiteit. Ien man rekke lichtferwûne.

De technyske tsjinst hat it brantsje útmakke. It bedriuw hat ûntromme west, mar de produksje koe letter wer opstart wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)