Fryske Agro Alliantie begûn

© Omrop Fryslân
Op de proefbuorkerij Nij Bosma Zathe by Goutum is woansdei de Fryske Agro Alliantie fan start gien. It is in gearwurkingsferbân tusken Fryske bedriuwen, de provinsje, it Van Hall ynstitút en de Rabobank.
Doel is om in kennisynstitút foar de lânbou te wurden. Ideeën om de Fryske lânbou te fersterkjen, binne wolkom. De Alliantie tinkt pas takom jier echt oan it wurk te kinnen.