Gjin fertraging troch staking

30 jan 2008 - 12:18
  • gjin fertraging foar saken troch staking fan de parketplysje
  • de plysje wol mear lean en fiert dêrom aksje

De rjochtbank en it gerjochtshôf yn Ljouwert rinne gjin fertraging op troch de staking fan de parketplysje woansdei. By de measte rjochtsaken is gjin plysjebewaking oanwêzich. In tal saken wêrby't wol plysje by wêze moat, wurde mei in pear wiken útsteld.

By in pear saken dy't woansdei tsjinje, is útstel net mooglik. Dêrfoar wurdt dochs in tal plysjeminsken ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)