Twizelders betankje mei gebak

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen hat fan de ynwenners fan Twizel in oranjekoeke krigen. It gebak waard de gemeente oanbean as tank foar de rêstige Aldjiersnacht. De ôfrûne jierren waard der geregeld fjoer stookt op de provinsjale dyk by it doarp.
Dit jier is dat net bard troch de ynset fan doarpsbewenners, plysje en partikuliere befeiligers. De Twizelders wiene dêr sa tefreden oer dat se de gemeente traktearden.