Taksy's klear foar nij taryf

30 jan 2008 - 12:07

Fryske taksybedriuwen binne klear foar de nije tariven dy't freed yngeane. Tenei jildt in ynstaptaryf fan 7.50 euro dan is de earste twa kilometer frij. Dêrnei kostet it 2.20 euro de kilometer. As de taksy stilstiet mei dat net mear yn rekken brocht wurde.

It 'meterferfier' is yn Fryslân net sa belangryk. Gruttere bedriuwen helje har omset út it ferfier fan skoalbern, handikapten en âlderen. Dêr wurdt de meter net by brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)