Wurdum: ûnwisse takomst winkel

It beslút fan Talant om de doarpswinkel yn Wurdum iepen te hâlden soarget foar in dûbel gefoel by in groep doarpsbewenners. Tal fan Wurdumers kamen yn aksje doe't ein ferline jier bekend waard dat de winkel slute moast. Se gongen op syk nei in nije winkelman en hellen 37.000 euro op om de winkel te fernijen. Nei lange ûnderhannelings hearden se tiisdei op de radio dat Talant yn gearwurking mei Support& Co dochs fierder giet. Aksjefierder Ype Duhoux is benaud dat it aanst tefolle ôfhinget fan oerheidsjild en dat de winkel al gau wer ticht moat.