Rie Skylge tsjin hege erfpacht

Skylger ried fynt dat Steatsboskbehear tefolle macht hat
De oerheid moat optrede tsjin Steatsboskbehear op Skylge. Dat fynt de ried op it eilân. Steatsboskbehear ferhege koartlyn de erfpacht, soms mei 700 prosint. Húseigners dy't earder 1400 euro betellen, binne dêrtroch no hast 10.000 euro oan erfpacht kwyt.
De ried hat in moasje oannaam wêryn't de oerheid frege wurdt de macht fan Steatsboskbehear te beheinen. De natuerklub moat him dwaande hâlde mei de kearntaak: de natuer.