Slachte: mear hurdrinners

30 jan 2008 - 06:28

Der hawwe har yntusken 1150 hurdrinners opjûn foar de Slachtemaraton op 14 juny. Dat binne der sa'n 100 mear as by de lêste edysje yn 2004.

De organisaasje hat berekkene dat de gemiddelde leeftyd fan de dielnimmers 46 is. De âldste dy't meidraaft is 74, de jongste 18. In fjirde part fan de dielnimmers docht mei oan de wedstryd. Dat kinne der noch mear wurde, om't de ynskriuwing noch net sletten is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)