'Net ûnfeilich troch proef'

29 jan 2008 - 23:44

It is net ûnfeiliger wurden yn it bûtengebiet fan Hearrenfean troch de ljochtproef fan de gemeente. Dat docht bliken út sifers fan de plysje. Sûnt in pear moannen is it in stik tsjusterder wurden yn it bûtengebiet omdat de lantearnen ferfongen binne troch enerzjysunige ljochtbakens.

De bewenners hawwe oanjûn har minder feilich te fielen yn it tsjuster, mar neffens de plysje is der net mear kriminaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)