Ôfspraken oer Hearrenfean-West

© Omrop Fryslân
Hearrenfean en Skarsterlân besjogge tegearre hoe't in wenwyk oanlein wurde kin op de grins fan beide gemeenten. Se meitsje noch gjin konkrete plannen foar it gebiet Hearrenfean-West, mar wolle ôfprate oer hoe't se yn de takomst saken regelje sille.
De gemeenten hiene mei elkoar al in fyzje makke op hoe't se it gebiet ynrjochtsje wolle. Dêr stiet ek yn dat de earste hûzen yn 2015 boud wurde moatte.