'Hearrenfean hat Wetzel frege'

André Wetzel (foto Martin de Jong)
Sportclub Hearrenfean hat trener André Wetzel fan VVV frege oft er mooglik ek beskikber is foar it kommende seizoen. Dat seit de trener fan VVV yn in ynterview mei it fuotbalblêd VI Wetzel seit fierder dat er yn prinsipe wol oan in nije stap ta is, mar dat er it leaver stil hâlden hie.
VVV wol Wetzel graach hâlde. De trener spilet oantreklik fuotbal mei VVV. Boppedat wyt syn team it grutte klubs lêstich te meitsjen.