Opspoaring ierdappelfraude

Undersyk nei fraude mei ierdappels
Ierdappelhannelshûs HZPC fan De Jouwer sil mei trije kollegabedriuwen fraude opspoare mei sertifisearre ierdappelsoarten. Se rjochtsje dêr in spesjale ôfdieling foar op.
Benammen yn België wurde in soad net-sertifisearre ierdappels ferkocht. Dêrtroch hawwe hannelers fan wol sertifisearre soarten skea. Hoe grut dy skea krekt is, sil noch ûndersocht wurde.